Munster fan Freiburg
De Munster fan Us Leaffrou (Dútsk: Freiburger Münster; Münster Unserer Lieben Frau) is in katedraal oan it Münsterplatz yn de Dútske stêd Freiburg im Breisgau. Mei de bou fan de tsjerke waard om 1200 hinne út ein set. Doe wie dat noch yn romaanske styl, mar fan 1230 ôf waard der fierder gien mei de bou yn goatyske styl.
De munstertsjerke waard diels boud op de fûneminten fan in tsjerke dy't datearre út de stiftingstiid fan Freiburg.
Yn de midsiuwen makke Freiburg diel út fan it bisdom Konstanz. Mei de oprjochting fan it katolike bisdom Freiburg yn 1827 waard de munstertsjerke in katedraal.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei de nijbou fan de tsjerke waard om 1200 in letromaanske styl begûn. It oarspronklike plan wie in romaanske, trijeskepige tsjerke mei in dwersskip en in mearsidich koar. De âldste noch út dizze tiid bewarre boudielen binne yn it eastlike diel fan de bouwurk te finen en wike dúdlik ôf fan de rest fan de tsjerke. De beide oan it koar grinzgjende romaanske Hahnentürme út 1200 waarden letter mei noch ris in ferdjipping ferhege en krigen goatyske spitsen.
De plannen feroaren tusken 1220-1230 yn in tiid doe't de wenstige boustyl oergyng fan letromaansk nei iergoatysk. Nei de bou fan it tsjerkeskip en de toer, waard it âlde romaanske koar ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in langer goatysk koar mei in krâns fan 13 kapellen. Dit lêste wurk duorre noch oant 1513. Op it plak fan de 14e kapel waard in sakristy oanfoege. It wie de munster fan Straatsburg dy't op dizze ûntjouwing yn de regio it stimpel sette.
De tsjerke is de iennige grutte goatyske tsjerke fan Dútslân wêrfan't de toer foltôge waard yn de midsiuwen (1330). Alhoewol't de toer ûnder de bombardeminten fan 27 novimber 1944 swiere trillingen wjerstean moast, bleau it bouwurk as troch in wûnder sparre, wylst in grut part fan de bebouwing om de tsjerke hinne ferwoastge waard. Ek de brânskildere ramen bleaune yn de oarspronklike steat bewarre, tank sij it feit dat de ramen op 'e tiid út foarsoarch út de tsjerke ferwidere en oan de ein fan de kriich earne oars opslein waarden.
Oant 1827 wie de katedraal in gewoane parochytsjerke. Dat ferklearret wêrom't de katedraal fan Freiburg yn tsjinstelling ta oare goatyske katedralen mar ien toer hat yn stee fan twa.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan de sydmuorren fan it foarportaal steane û.o. de bylden fan de fiif ferstannige en de fiif sleauwe jongfammen (Matteus 25:1-13). Links steane de ferstannige jongfammen, dy't mei harren folle oaljelampen de lju útnoegje de tsjerke yn te gean en rjochts skrieme de sleauwe jongfammen mei harren lege lampen om it heil dat harren ûntsein wurdt. Oan de ferstannige jongfammen slút noch in rige bylden fan Bibelske figuren oan. It timpaan fan it portaal lit foarstellings fan Kristus sjen en it Jongste Gerjocht. Yn de portaalbôgen steane de bylden fan Ecclesia en (mei in blyndoek foar) Synagoge, de Trije Keningen en Marije en in ingel (Annunsiaasje)
It skip wie yn de midsiuwen beskildere. Yn de barokke tiid waarden de fresko's mei in grize kleur oerskildere. By it ferwiderjen fan dizze grize skilderlaach yn de 19e iuw gyngen ek de midsiuwske fresko's foar in grut diel ferlern, sadat tsjintwurdich noch op inkelde plakken wat fragminten fan de midsiuwske beskildering te sjen binne. Yn 1955 waard oan de eastlike kant fan it súdlike sydskip in foarstelling fan de hillige Martinus losmakke en konservearre. Dy foarstelling wurdt tsjintwurdich yn de Sint-Martinustsjerke fan Freiburg bewarre.
De belangrykste alters binne it heechalter fan Hans Baldung Grien en in alter fan Hans Holbein de Jongere yn ien fan de sydkapellen. It heechalter is in fleugelalter mei skildere foarstellings út 1512-1516. Yn de krysttiid binne foarstellings út it Krystferhaal te sjen (Annunsiaasje, de besite fan Marije oan har nicht Elizabeth, de berte fan Kristus en de flecht nei it Egyptelân). Op oare tiden toant it alter as sintrale foarstelling de kroaning fan Marije, mei oan beide kanten de seis apostels. By de ôfbyldings fan de apostels trede Petrus en Paulus dúdlik op de foargrûn. Op de achterkant fan it heechalter is de krusiging fan Kristus skildere. Hjir hat de skilder Hans Baldung him sels ek as in feint portretearre. Yn de fêsteltiid giet it heechalter skûl efter in fêsteldoek fan 1014 by 1125 sm. It mear as 1000 kg. wegende fêsteldoek stamt út 1612 en is yn syn soarte it grutste bewarre doek yn Jeropa.
It âldste keunstwurk fan de tsjerke hinget sûnt desimber 2009 yn de alterromte. It is in letromaansk krús, it saneamde Böcklinkreuz, dat troch hertoch Berthold V stifte waard. It 2,63 meter hege krús is om it jier 1200 hinne fan ikehout makke en mei sulver beslein. It hong foarhinne yn ien fan de koarkapellen.
De stiennen kânsel is in wurk fan de byldhouwer Jörg Kempf út 1501.
De lêste hertoch fan Zähringen, dy't mei de bou fan de katedraal begûn, waard yn de tsjerke byset. It grutte, tsjintwurdich steande byld, is in restant fan it grêf.
Yn in nis fan it súdlike sydskip stiet in monumintaal Hillich Grêf. It is ien fan de earste en wichtigste Hillige Grêven fan Dútslân, dy't yn likernôch 1330 ûntstie. Op in mei wynranken dekorearrre grutte sarkofaach leit in 2,18 byld fan de ferstoarne Kristus mei dêr omhinne trije froulje en twa ingels. Oan de foarkant fan de sarkofaag lizze fiif sliepende wachters yn it harnas.
Brânskildere ramen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brânskildere ramen binne makke yn de ferskillende bouperioades fan de munster. Yn it romaanske dwersskip binne de ramen út 1220-1260. De measte goatyske finsters yn it tsjerkeskip (1330) binne skonken troch gilden, hokker gilde is te sjen oan de foarwerpen dy't yn it rut ferarbeide binne. Keizer Maximiliaan skonk it keizersraam yn it heechkoar. Doe't de goatyk út de moade rekke waarden in rige fan midsiuwske ramen ferwidere om't mear ljocht yn 'e tsjerke winske waard. Dêrmei gyngen in mannich weardefolle ramen foar ivich ferlern. Yn it begjin fan de 20e iuw restaurearre de glêskeunstner Fritz Geiges de ramen. Hy ferfong in tal orizjinele ramen troch kopiën en folde ûntbrekkende dielen oan. Ek ûntwurp hy nij ramen yn histoaryske styl.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It fjouwerdielige oargelkompleks bestiet út it Marienorgel yn it noardlike dwersskip, it swellenêstoargel yn it skip fan de tsjerke, it Michaelsorgel op de kreake ûnder de toer en it koaroargel. It hat meiïnoar 144 registers ferdield oer fjouwer manualen en pedaal en is dêrmei ien fan de grutste oargels fan Dútslân. Oan it oargelkompleks wurken fan 1964 oant 1966 ferskate oargelbouwers (Rieger, Marcussen, Späth en Fischer & Krämer) mei. Yn 2008 waard it Michaelsorgel troch nijbou fan de orgelbouwer Metzler út Dietikon by Zürich ferfongen.
Klokken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de toer hingje 19 klokken. De âldste is de Hosanna-klok út 1258, dy't 3.290 kg. weecht. De Hosanna slacht alle tongersdeitejûnen nei it Angelus, freeds om 11:00 oere, op saterdeitejûnen en alle jierren op 27 novimber yn neitins oan de bombardeminten op de stêd.
Behâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ta behâld fan de katedraal is de Freiburger Münsterbauverein oprjochte. De feriening ynvestearret alle jierren miljoenen euro's yn it ûnderhâld en it behâld fan it gebou en de keunstwurken.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Freiburg Minster fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: Münster
|